|
| Fraachbaak bestjoer en behear
De
Fraachbaak is in webside mei goed 200 artikels oer bestjoer en behear fan doarps- en mienskipshuzen. De bestjoerlike en finansjele ynformaasje is ek geskikt foar bestjoeren fan doarpsbelangen. De webside is fergees te rieplachtsjen.
De ynformaasje is ferdield yn de haadstikken:
- Bestjoer en behear
- Frijwilligers en personiel
- Bareksploitaasje
- Programma en PR
- Gebou en materiaal
- Tefredenheid
- Resultaten
Der is boppedat in rubryk fan meast stelde fragen en in syk-finster.
By de ferskate haadstikken stiet in tal foarbyld dokuminten, lyk as:
- Arbeidskontrakten
- Hierkontrakten
- Enkêtes
- Risiko ynventarisaasje (Arbo)
- Rekkenprogramma om in omset foarútsjoch en in begrutting te meitsjen.
Dizze dokuminten kinne jo opslaan op de kompjûter, bewurkje en eventueel op jo eigen briefpapier opslaan.
Klik
hjir om nei de Fraachbaak te gean.
Informatie en Kennispunt Plattelân
It
Informatie en Kennispunt Plattelân (IKP) wol beliedsmakkers wolwêzen stipe jaan by harren wurk foar it Fryske plattelân. Op de webside kinne hja beliedsynformaasje fine, groepearre yn kennisdossiers. De dossiers besteane ûnder mear út rapporten, beliedsnota’s fan provinsje en gemeentes en links nei ynformative websides. Dy kennisboarnen wurde ‘ûntsluten’ troch ynliedende teksten. Dêrnjonken binne der nijs- en parseberjochten rie te plachtsjen en is der ynformaasje oer byienkomsten en sympoasiums beskikber.
|
|
|
 | | Aanpak Rotte Kiezen
|
 |