sitemap | kolofon | 
       
NederlandsFrysk
Thús
Oer Doarpswurk
Aktiviteiten
Publicaties
Doarpsbelangen
Doarpshűzen
Kursussen
Swalkrűtes
In English
Nijsargyf
Kontakt
Links
Buorren 28
9012 DH Raerd
T (0566) 625 010
F (0566) 602 555
E info@doarpswurk.nl
Projekten

Doarpswurk docht projekten dy’t fernijend binne en rjochte op űntwikkeling.
Op dit stuit binne wy dwaande mei:
‘Zorg voor Kwaliteit’
Kwaliteitssoarch is it regelmjittich kritysk sjen nei it funksjonearjen fan it doarpshűs of multyfunksjoneel sintrum. Konstatearre problemen of knipepunten kinne troch it bestjoer oanpakt wurde en goede punten kinne, at it nedich en mooglik is, ferbettere wurde. Dit sjen nei it eigen funksjonearjen en it ferbetterjen dęrfan is in trochgeand proses dat we kwaliteitssoarch neame.
It kwaliteitssoarchsysteem bestiet út njoggen oandachtsgebieden dy’t allegear mei elkoar te krijen ha en bepalend binne foar it funksjonearjen fan it doarpshűs of multyfunksjoneel sintrum. Dizze oandachtsgebieden binne yn twa groepen űnder te bringen: Organisaasje en Resultaat. It útgongspunt is hjirby dat de bestjoerlik-organisatoaryske maatregels konsekwinsjes ha foar de resultaten. It projekt Zorg voor Kwaliteit beëaget safolle as mooglik doarpshűzen űnder de loep te nimmen om soarch foar kwaliteit te boargjen yn de organisaasje.

Oanpak fertutearze pânen yn Fryske doarpen
Doarpswurk hat mei fjouwer wenteboukorporaasjes, Welkom, WoonFriesland, Wonen Noordwest Friesland en Woningbouwcorporatie Dongeradeel de lapen gearsmiten om min űnderholden pânen yn doarpen oan te pakken. Dy pânen binnen faak in boarne fan ergernis foar de omjouwing en hawwe in grutte negative útstrieling.
Alderearst is de omfang fan it probleem yn kaart brocht. Dęrnei binne de juridyske en finansjele mooglikheden op in rige set. Dit hat resultearre yn in metoade foar de oanpak fan fertutearze pânen. Foar de útwurking en it ymplemintearjen is Doarpswurk ferantwurdlik mei stipe fan de boppeneamde korporaasjes.

Doarpsargiven
In soad doarpen hawwe in skat oan, aansichtkaarten, foto’s, kranteknipsels ensfh., en wolle dy bewarje foar it neiteam. Tagelyk wolle hja dit histoaryske materiaal better űntslute foar âld (bewenners) en oare belangstellenden.
De kursus yn it ramt fan it projekt doarpsargiven foldocht oan dit ferlet. It doel fan de kursus is dat doarpen harren eigen doarpsargiven opstarte en beheare neffens in fęst stramyn, sadat sy in protte histoarysk materiaal bewarje kinne en iepenbier meitsje kinne op it ynternet. Yn de kursus is omtinken foar in goede ferhâlding en ferbining mei it gemeente-argyf. De útfiering is yn hannen fan AOC Friesland.

‘Thuis in het groen’
Boargers fiele harren belutsen by de eigen wenomjouwing, sawol yn lanlik as yn stedsgebiet. Dy belutsenens is in essinsjele ‘drager’ foar behâld en behear fan it lânskip. Mei it projekt ‘Thuis in het groen’ spylje Doarpswurk en Landschapsbeheer Friesland dęrop yn.
Oan de hân fan de metoade ECOVAST krije boargers stipe by it fergrutsjen kan kennis en draachflak foar natuer en lânskip rűnom doarpen.
Yn Fryslân is derfoar keazen om de metoade earst ta te passen yn twa pilot-doarpen, te witten Bakkefean en Nijeskoat.

Groepsgewijs Wonen, Samen Zelfstandig
Doarpswurk hat yn gearwurking mei Vereniging Groepsgewijs wonen Friesland, emansipaasjeburo EQUA en Zorgbelang Fryslân in projekt starten foar it yn groepen wenjen fan 50-plussers. It projekt stimulearret boargersinisjativendy’t liede ta it oprjochtsjen fan nije wengroepen yn Fryslân. Boppedat jout it projekt Fryske gemeenten en wenbedriuwen ynformaasje sadat sy inisjativen adekwaat stypje kinne.
By it ‘groepsgewijs’ wenjen wennet men hielendal selsstannich; elts hat in eigen hier- of keapappartemint. Dęrneist is der in mienskiplike romte dęr’t bewenners inoar moetsje. Dizze wize fan wenjen stimulearret buorrehelp en fergruttet mei dęrtroch de selsstannigens.

Wenje yn Súdwest
It projekt Wenje yn Súdwest stelt sân doarpen yn de Súdwesthoeke by steat om in eigen wenfisy op te stellen. It doel fan it projekt is om doarpen te stimulearjen om nei te tinken oer de kwaliteit fan wentebou. De wenfisy sil ynbrocht wurde yn it oerlis fan de pleatslike belangen mei de gemeenten Nijefurd en Gaasterlân-Sleat. Dy hawwe earder oanjűn dat dy ynbring tige wolkom is by de gemeentlike wenfisy dy’t útwurke wurde moat.
Foar it projekt is yn alle dorpen in spesjale wurkgroep ynstelt, dy’t njonken begelieding fan Doarpswurk, stipe kriget fan Gerard Wezenberg, lânskipsarsjitekt by Stek & Streek.
Mooglik resultearret it projekt yn alle doarpen yn in detaillearre wentebouplan, dęr’t de wentebouferiening ‘Zuidwest Friesland’, pleatslik belang en de gemeente mei-inoar útfiering oan jaan sille.

Oude paden, Nieuwe wegen: It histoaryske padenetwurk op ‘e nij űntslute
It projekt in inisjatyf fan Steunpunt Monumentenzorg Fryslân yn gearwurking mei Projectbureau Belvedčre, Plattelânsprojekten, Landschapsbeheer Friesland, Van Hall Larenstein en Doarpswurk. Doel fan it projekt is it yn kaart bringen fan âlde paden, lyk as tsjerkepaden, skoalpaden en jaachpaden. It sil liede ta in stimulâns fan duorsum toerisme, it behâld en toeristysk brűken en útdragen fan kultuerhistoaryske en argeologyske wearden.
Yn worksjops wurde bewenners en histoaryske ferienings frege om űntbrekkende paden op de Kultuerhistoaryske kaart Fryslân (CHK) yn te tekenjen en it dęrby hearrende ferhaal te fertellen. Oan de ein fan it projekt is de Cultuur Historische Kaart fan Fryslân kompleet en kin brűkt wurde om bygelyks rekken mei te hâlden by bouprojekten, of om in kuierrűntsje by in doarp (wer) te realisearjen.


sykje
Aanpak Rotte Kiezen
Aanpak Rotte Kiezen
vraagbaak
dorpen.nl
Maatschappelijke stage
Sterk Frijwilligerswurk