sitemap | kolofon | 
       
NederlandsFrysk
Thús
Oer Doarpswurk
Aktiviteiten
Publicaties
Doarpsbelangen
Doarpshûzen
Kursussen
Swalkrûtes
In English
Nijsargyf
Kontakt
Links
Buorren 28
9012 DH Raerd
T (0566) 625 010
F (0566) 602 555
E info@doarpswurk.nl
Dielnimmersried

Advys
De dielnimmersried is it klankboerd foar it bestjoer fan stichting Doarpswurk. De dielnimmersried advisearret it bestjoer op fersyk en út eigen beweging oer aktiviteiten en projekten, en de algemiene gong fan saken. It bestjoer moat op syn beurt de dielnimmersried op in tal ûnderwerpen om advys freegje. De dielnimmersried makket sels in húshâldlik reglemint.

Dielnimmers
Ferienings fan doarpsbelangen en bestjoeren fan doarpshuzen, de doelgroepen fan de eardere FLD en SDF, binne op dit stuit de twa ‘dielnimmers’ fan Doarpswurk.

Ynspraak
De leden fan de dielnimmersried wurde beneamd út en troch de dielnimmersgearkomste. De dielnimmersgearkomste wurdt op syn minst ien kear yn it jier troch de dielnimmersried organisearre foar bestjoeren fan doarpsbelangen en doarpshuzen.
De dielnimmersgearkomste wol de achterban belûke by it beleid fan Doarpswurk. De dielnimmersried wol witte oft har advizen oan it bestjoer oerienkomme mei de gedachten dy’t libje by de achterban. Dielnimmersgearkomsten kinne ek regionaal hâlden wurde.

Leden
De leden fan de rie binne op dit stuit: Pieter
Deinum, Tones Meijer (foarsitter), Wietse Martens en Folkert Bouma (sekretaris). Jo kinne de dielnimmersrie berikke fia dielnimmersrie@doarpswurk(punt)nl.
sykje
Aanpak Rotte Kiezen
Aanpak Rotte Kiezen
vraagbaak
dorpen.nl
Maatschappelijke stage
Sterk Frijwilligerswurk