|
| Bestjoer
Doarpswurk is in stichting mei kenmerken fan in feriening. Dat betsjut dat de achterban de beslútfoarming mei advizen beynfloedzje kin. Dat komt ek ta útering by de gearstalling fan it bestjoer.
|
Ofkomst
Op syn minst ien lid moat ôfkomstich wêze út it fermidden fan leden/bestjoersleden fan Doarpsbelangen en ien út it fermidden fan de Doarpshuzen. Dat is yn de
statuten fêstlein. Sa wurdt de bân mei de doelgroepen fan de eardere FLD en SDF bliuwend fersekere.
Gearstalling
It bestjoer stiet op dit stuit út: Jan Waterlander (foarsitter), Andrys de Blaauw (sekretaris), Auke Bijlsma (fice-foarsitter), Wietske van der Schaaf (lid) en Anne-Marie van der Geest (lid).
|
Advys
It bestjoer fan Doarpswurk moat de dielnimmersried op in tal wichtige ûnderwerpen om advys freegje. Sjoch foar neiere ynformaasje by
dielnimmersried.
|
|
|
 | | Aanpak Rotte Kiezen
|
 |