|
| Swalkrūtes
Sūnt ein jierren 80 jout Doarpswurk (doe noch FLD) rūtegidsen śt ūnder de namme Swalkrūtes. It doel fan dizze rūtegidsen is om de lytse doarpen foar de oandacht te bringen by fytsers en kuierders. Sy stimulearje de lytsskalige rekreaasje en dźrmei de libbenens yn de doarpen.
De beskriuwings fan de doarpen en de rūtes binne oanlevere troch frijwilligers fan doarpsbelangen. Troch de belutsenens fan de lokale saakkundigen ūntdekke jo plakken dyt gewoanwei foar in būtensteander geheim bliuwe soenen.
|
Swalkrūtes digitaal
Om de kontinuļteit te garandearjen en de rūtes, as it nedich is, gau wizigje te kinnen, is besletten om de gidsen op dizze webside te publisearren. Op dit stuit binne 7 fan de 14 rūtes digitaal beskikber. Stadichoan wurde alle rūtes sammele en frij tagonklik makke.
Klik op in regio foar in oersicht fan de fyts- en kuierrūtes yn dat gebiet.
|
Kuier- en fytskaart Fryslān
De rūtekaarten binne ūntwikkele yn gearwurking mei Versloot-Kartografy. Versloot-Kartografy hat boppedat in kuier- en fytskaart fan Fryslān gearstald. Op dizze kaart binne, njonken alle fyts- en kuierpaden fan Fryslān ek de swalkrūtes oanjūn. De kaart is te krijgen by de meast VVV-kantoaren yn Fryslān.
Rūtegidsen bestelle
Foardat de rūtes digitaal beskikber kamen, binne se as rūtegids śtjūn. Yn in gids binne de kuier-, fyts- of kanorūtes fan in regio bondele.
In tal fan dizze rūtegidsen is net mear yn foarrie en foarearst komt der gjin werprinting. Mei it
bestelformulier kinne jo de noch beskikbere eksimplaren bestelle. De gidsen binne ek te krijen by VVV-kantoaren yn Fryslān.
|
|
|
 | | Aanpak Rotte Kiezen
|
 |