sitemap | kolofon | 
       
NederlandsFrysk
Thús
Oer Doarpswurk
Aktiviteiten
Publicaties
Doarpsbelangen
Doarpshûzen
Kursussen
Swalkrûtes
In English
Nijsargyf
Kontakt
Links
Buorren 28
9012 DH Raerd
T (0566) 625 010
F (0566) 602 555
E info@doarpswurk.nl
Om pdf-dokuminten fan Doarpswurk te lêzen moatte jo Adobe Reader op ’e kompjûter ha. As jo dy noch net ynstallearre ha dan kinne jo dy hjir downloade.
Fertutearze pânen yn Fryske doarpen
Doarpswurk haf mei fjouwer wenteboukorporaasjes, Welkom, WoonFriesland, Wonen Noordwest Friesland en Woningbouwcorporatie Dongeradeel de lapen gearsmiten om min ûnderholden pânen yn doarpen oan te pakken. Dy pânen binnen faak in boarne fan ergernis foar de omjouwing en hawwe in grutte negative útstrieling.
Alderearst is de omfang fan it probleem yn kaart brocht. Dêrnei binne de juridyske en finansjele mooglikheden op in rige set. Dit hat resultearre yn in metoade foar de oanpak fan fertutearze pânen. De ûnderfinings fan de eerste twa projektjierren steane beskreaun yn it rapport fan febrewaris 2010. Dit is te finen op de side www.aanpakrottekiezen.nl-projektinformatie).

Brosjuere Europeesk project LILLA
Doarpswurk partisipearret yn it projekt LILLA; Land Life Learning. Dit is in Europeesk learend partnerskip dat spesifyk sjocht nei organisaasjes foar plattelânsûntwikkeling en oanbieders fan folwoeksenenedukaasje. De twa hawwe mienskiplik dat hja de sosjale ûntjouwing fan it plattelân, de kwaliteit fan libben en it lokale ûndernimmerskip yn de regio fersterkje wolle. En hja binne it der oer iens dat ûnderwiis in wichtige betingst is om dit alles te realisearjen.
Plattelânsorganisaasjes biede ferskate aktiviteiten oan dêr’t ûnderwiis in rol yn spilet. Underwiisoanbieders hâlde yn harren oanbod lykwols net altiten rekkening mei de noeden fan it lanlike gebiet. It wichtichste doel fan it LILLA-projekt is underwiisoanbieders en plattelânsorganisaasjes of oare spilers op it fjild fan lokale ûntwikkeling byinoar te bringen.
Mear witte? Klik hjir foar de brosjuere (2008).

Rapport 'Evaluatie Dorpsvisies'
Doarpswurk begeliedt al sûnt begjin jierren njoggentich doarpsfisytrajekten. Mar binne wy mei ús oanpak op de goede wei? En hokker lessen kinne leard wurde út al dy fisy’s oant no ta?
Dy fragen wienen foar Doarpswurk oanlieding, nei oerlis mei de provinsje, om in ûndersyk dwaan te litten. It ûndersyk is útfiert troch de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden yn gearwurking mei Van Hall Larenstein. Ut it rapport docht ûnder mear bliken dat mear gearwurking tusken doarp en gemeente fereaske is, lykas mear gearwurking tusken doarpen ûnderling. Fierder kin it stimulearjend wurkje om goede praktykfoarbylden te beskriuwen en wurdt der pleite foar mear omtinken foar de ekonomyske diminsje en de gearhing tusken ferskate diminsjes. Klik hjir foar it rapport fan 2008.

Ynventarisaasje ‘Vitale Dorpen’
De ynventarisaasje ‘Vitale Dorpen’ jout in byld fan de leefberens yn in bepaald part fan Fryslân. Nei Noardeast Fryslân en Súdwest Fryslân is der yn novimber 2007 in rapport foar Midden Fryslân ferskynd. Klik hjirûnder om in publikaasje del te heljen.

Noardeast Fryslân
Súdwest Fryslân
Midden Fryslân

‘Vitale Dorpen’ is in projekt fan Doarpswurk en Partoer yn opdracht fan de provinsje Fryslân.
Wentebou yn lytse doarpen
Yn oktober 2005 is de brosjuere “Wenjen yn lytse doarpen” útbrocht. Yn dit boekwurk wurdt beskreaun hoe’t fiif doarpen ûnder yntinsive begelieding fan de FLD harren wenideeën realisearre ha.
sykje
Aanpak Rotte Kiezen
Aanpak Rotte Kiezen
vraagbaak
dorpen.nl
Maatschappelijke stage
Sterk Frijwilligerswurk