|
| Doarpshûzen
Yntroduksje
It earste doarpshûs fan Fryslân waard oprjochte yn 1926 en stie yn Arum. It wie in houten geboutsje dat mei in foarskot fan dokter kocht waard troch it departement van de Maatschappij tot Nut van ‘t Algemeen. It Fryske sosjaal- kulturele libben makke yn die tiid noch gebrûk fan kafeesealtsjes, konsistoarjes en tsjerklike ferieningsgebouwen. Net-tsjerklike groeperings en organisaasjes fan ‘geheelonthouders’ hiene ferlet fan sealromte dêr ‘t hja ûnderinoar wêze koe en frij fan ferplichte konsumpsjes. En ferskillende ideologyske streamings sochten in plak foar aktiviteiten lykas ‘volksopvoeding’, ûnderwiis en algemiene ûntwikkeling. Dêrfoar waarden yn Fryslân akkommodaasjes boud ûnder de nammen doarpshûs en buerthûs. Neist de aktiviteiten fan de ferienings waarden der kursussen organisearre mei moaie bedoelings, lykas ‘de verheffing van de bevolking in culturele zin’. Der waarden buerthuzen boud yn gebieten mei slimme sosjale en ekonomyske problemen, lykas yn Jobbegea en Bakkefean. Mei it tanimmen fan de frije tiid nei de Twadde Wrâldoarloch naam it tal doarpshuzen hurd ta. De ryksoerheid subsidiearre yn dy tiid de stichtingskosten noch. In grut tal doarpshuzen waard boud yn kombinaasje mei in sportseal.
Basisfoarsjenning
In doarpshûs wurdt hjoed de dei sjoen as in basisfoarsjenning foar in doarp. Dat is mooglik wurden troch it ferdwinen fan ideologyske- en maatskiplike skiedings tusken minsken en is fersterke troch de hieltiid tanimmende bedriging fan de leefberheid fan it plattelân. Want faak is it doarpshûs noch de iennichste foarsjenning dêr’t men as doarp gearkomme kin, dêr ‘t it ferieningslibben in dak boppe de holle hat en dêr’t in poadium is foar kulturele aktiviteiten. Ôfhinklik fan it ferlet en de handichheid fan de ynwenners wurde ek romten ynrjochte foar sport, as pjutteboartersplak, jeugdsoas of ‘steunpunt’ foar de âlderein.
Multyfunksjoneel
Doarpshuzen ha altyd al multyfunksjoneel west. Krekt foar dat multyfunksjonele is der de lêste tiid op ’e nij belangstelling. Men siket kombinaasjes fan funksjes dy mei-elkoar bydrage oan de leefberheid fan it plattelân. Tink oan kombinaasjes fan doarpshûs en ûnderwiis, berne-opfang, bibleteek, klussetsjinst en soarch. Dêrtroch kin de âlderein langer yn it eigen doarp wenjen bliuwe (soarch, sosjale kontakten yn it doarpshûs) en kinne de heiten en memmen beide bûten it doarp wurkje (bûtenskoalse opfang, klussetsjinst, ensfh).
Selswurksumens
Doarpshuzen en mfs ’s wurde boud mei subsydzjes fan gemeenten, de provinsje Fryslân, partikuliere fûnsen en troch in grutte ynbring fan de ynwenners sels. It is net frjemd dat in doarp bij fer- of nijbou sels mear as 100.000 euro fertsjinnet troch selswurksumens by de bou en troch sponsoraksjes. Der binne op it stuit goed 230 doarpshuzen yn Fryslân.
Bestjoer
Doarpshuzen en mfs’s binne oer it generaal besit fan in stichtingsbestjoer. Dat bestjoer is gearstald út doarpsbewenners en fertsjintwurdigers fan de gebrûkers. It deistich behear wurdt meast troch frijwilligers dien. Sa’n 30% fan de doarpshuzen hat betelle behear, faak oanfolle mei frijwilligers. De eksploitaasje fan it doarpshûs of mfs is yn hast alle doarpen alhiel foar eigen rekken, want hast net ien Fryske gemeente jout eksploitaasjesubsydzjes.
|
|
|
 | | Aanpak Rotte Kiezen
|
 |