|
| Doarpsbelangen yn Fryslân
Yntroduksje
Karakteristyk foar Fryslân is fansels de taal (It Frysk, mar ek it Stellingwarfs en bgl. it Bildts) en it wide lânskip, de agraryske struktuer en mar ek it oantal lytse doarpen. Yn Fryslân binne 348 doarpen mei minder as 1.500 ynwenners. Dat betsjut dat ien op de fiif lytse doarpen yn Nederlân yn de provinsje Fryslân leit. Fan dy 348 doarpen hawwe goed 200 sels minder as 500 ynwenners. Fan de goed 630.000 ynwenners fan Fryslân wennet 2/3 part op in doarp. Hast al dy doarpen ha in eigen “Feriening foar Doarpsbelang” of “Pleatslik Belang”
Untstean doarpsbelangen
Alhoewol’t in oantal doarpsbelangen al mear as hűndert jier bestean, binne fanôf de begjin jierren fyftich in hiele protte űnstien. De takomst fan de lytse doarpen waard bedrige. Bewenners fan de doarpen organisearren harren om in oantal űntjouwings tsjin te gean: de tradisjonele plattelânsekonomy kaam űnder swiere druk te stean en ferdwűn yn in mannich tsientallen jierren definityf en suver stilwei út it doarp. De agraryske rasjonalisaasje hie as gefolch dat de lânbou al gau net mear de grutste wurkjouwer op it plattelân wie. Gâns taleveringsbedriuwen ferdwűnen fan it doarp nei de gruttere plakken. Op in protte doarpen koe de middenstân him net mear hanthavenje en wiene de ynwenners foar har boadskippen oanwiisd op de ridende winkel of de nije supermerken yn de gruttere plakken.
Forinzen
De wurkgelegenheid konsintrearre him foar in grut part yn plakken as Ljouwert en Drachten. It forinzeferkear kaam op gong, wylst ek in hiel soad doarpsbewenners der foar keazen om nei in stęd te ferhúzjen.
Leefberens
It provinsjaal bestjoer, de gemeenten mar benammen ek de ynwenners fan de doarpen realisearren har dat der wat dien wurde moast om't de leefberens fan har doarp oan de oarder wie. Yn de provinsje Fryslân waard in stipebelied foar lytse kearnen űntwikkele. Mei in bulte ynventiviteit fan provinsje, gemeenten en ynwenners waarden plannen opset om de leefberens op de doarpen te ferbetterjen. Streekkommisjes waarden ynsteld en der kaam jild om wegen te ferbetterjen, riolearringen oan te lizzen, wurkgelegenheidsprojekten op te setten en ek de ferkrotting waard oanpakt. Doarpsbelangen spilen dęryn in wichtige rol as oansprekpunt en fertsjinwurdiger fan de doarpen .
Sosjaal-kultureel libben
Njonken it omtinken foar de wenkrite en de wurkgelegenheid op it plattelân, joegen de ynwenners fan de doarpen oan dat it tige wichtich is dat der op elk doarp in akkommodaasje is dęr't it sosjaal-kulturele libben him ôfspylje kin, it doarpshűs. Want al ferdwűn der in protte fan de âlde warberens fan it doarp, it doarp as mienskip bleau bestean en hie in merakels bytsje te lijen űnder de feroaringen op it Fryske plattelân dy't yn heech tempo har beslach krigen.
Doarpsbelangen hjoed-de-dei
Doarpsbelangen binne noch hieltyd net-politike ferienings, dy’t har ta doel stelle om op te kommen foar it algemiene belang fan de ynwenners fan it doarp en it doarp nei bűten ta fertsjinwurdigje. Se dogge dat op ferskate wizen: ‘sosjale’ aktiviteiten organisearje, plannen meitsje, projekten in eigen behear útfiere, oerlis fiere mei de gemeenten, ensfh.. De doarpsbelangen foarmje
tsjinwurdich in wichtich oansprekpunt foar oerheden en maatskiplike organisaasjes en wurde beskôge as in folweardich partner. It bottom-up tinken spilet dęryn in wichtige rol. Ideeën fanút de doarpen, meastentiids op inisjatyf fan doarpsbelang, soargje derfoar dat de doarpen hieltyd mear har eigen takomst stjoere en bepale kinne.
- Op
'Fryslân in cijfers' kinne jo statistiken fine fan alle Fryske plakken
- Op
www.dorpen.nl fine jo de doarpen dy’t in eigen webside ha. Ek kinne jo dęr trochklikke nei de in oersjoch fan alle gemeenten.
|
|
|
 | | Aanpak Rotte Kiezen
|
 |