sitemap | kolofon | 
       
NederlandsFrysk
Thús
Oer Doarpswurk
Aktiviteiten
Publicaties
Doarpsbelangen
Doarpshûzen
Kursussen
Swalkrûtes
In English
Nijsargyf
Kontakt
Links
Buorren 28
9012 DH Raerd
T (0566) 625 010
F (0566) 602 555
E info@doarpswurk.nl
Aktiviteiten
Doarpswurk fiert aktiviteiten út ôfhinklik fan de fraach en passend by missy en doel. Dat neame wy ‘produkten’. Alle jierren beskriuwt Doarpswurk dy ‘produkten’ yn in produktplan dat ta goedkarren foarlein wurdt oan subsydzjejouwer Provinsje Fryslân.

Doarpswurk fiert projekten út dy’t fernijend en ûntwikkelingsrjochte binne. De projekten hawwe faak in doelgroepspesifyk, gebietsrjochte en/of tematysk karakter. Doarpswurk wurket dêrnjonken mei oan produkten dy’t troch oare organisaasjes inisjearre wurde.

Doarpswurk sammelt kennis oer fitale lokale mienskippen en stelt dy ta beskikking oan oaren. In foarbyld hjirfan is De Vraagbaak, in webside mei goed 200 artikels oer bestjoer en behear fan doarps- en mienskipshuzen. De Vraagbaak is it resultaat fan de gearwurking fan Doarpswurk en ‘t Heft, platfoarm fan gearwurking fan mienskipshuzen yn Noard-Brabân.

Doarpswurk beheart foar beliedsmakkers yn Fryslân it Informatie- en Kennispunt Plattelân (IKP). Dat is in ûnôfhinklike kennisbank op it ynternet, dêr’t beliedsrjochte ynformaasje op oanbean wurdt oer it Fryske plattelân.


sykje
Aanpak Rotte Kiezen
Aanpak Rotte Kiezen
vraagbaak
dorpen.nl
Maatschappelijke stage
Sterk Frijwilligerswurk