|
| Oer Doarpswurk
Stichting Doarpswurk is in profesjonele organisaasje dy’t him rjochtet op it yn stân hâlden en stimulearjen fan de sosjale gearhing en de leefberheid fan it Fryske plattelân. Doarpswurk is in stipefunksje fan de provinsje Fryslân en bestiet sűnt 2006. It is it resultaat fan in fúzje fan de Feriening Lytse Doarpen (FLD) en de stichting Samenwerking van Dorpshuizen in Friesland (SDF).
De missy fan Doarpswurk komt yn ferskate aktiviteiten ta utering:
- Doarpswurk ynformearret, jout stipe, en behertiget belangen. Út histoarysk perspektyf binne doarpsbelangen en doarpshuzen de wichtichste doelgroepen.
- Doarpswurk hat in plattelânsnetwerk en bringt minsken en inisjativen by elkoar.
- Doarpswurk docht projekten dy’t fernijend binne en rjochte op űntwikkeling.
- Doarpswurk sammelet kennis oer fitale lokale ferbânnen en jout dy kennis troch oan oaren (kennisynstitút).
Doarpswurk hat njoggen
meiwurkers, seis dęrfan binne regiokonsulinten dy ’t op fersyk ynformaasje en stipe by de bestjoeren ‘thús‘ bringe.
|
|
|
 | | Aanpak Rotte Kiezen
|
 |