sitemap | kolofon | 
       
NederlandsFrysk
Thús
Oer Doarpswurk
Aktiviteiten
Publicaties
Doarpsbelangen
Doarpshûzen
Kursussen
Swalkrûtes
In English
Nijsargyf
Kontakt
Links
Buorren 28
9012 DH Raerd
T (0566) 625 010
F (0566) 602 555
E info@doarpswurk.nl
Takomstfisy ûntwikkeling

Doarpswurk is de ôfrûne jierren belutsen west by it ûntwikkeljen en/of útwurkjen fan in (takomst-)fisy fan it grut tal doarpen yn Fryslân. Hjirûnder fine jo in koarte gearfetting fan wat sa’n takomstfisy ynhâld en wat de rol fan Doarpswurk dêryn is. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt mei ús opnimme

Breed droegen
Ut ûnderfining witte wy yntusken dat it opstellen fan sa’n plan bepaald gjin sinekuere is. Der sit in protte wurk oan fêst. Om draachflak foar plannen te krijen is in spesifike ynspanning nedich dy’t faak ûnderskat wurdt. Sûnder dy spesifike oanpak bestiet lykwols de kâns dat it yn in oar stadium liedt ta ûnienichheid. Der binne no ienkear ferskate belangen yn it spul, ferskil fan ynsicht oer doelen ensfh.

Posityf proses
Dochs erfare in protte doarpen it opstellen fan in beliedsplan as in posityf proses. It is goede gelegenheid om wat der libbet ûnder de bewenners op in rige te setten. Slagje hja (hja sille slagje!) deryn om ta in breed droegen fisy te kommen dan is dat faak de oanset foar in soad minsken de fierdere útwurking en útfiering yn te setten. It is in goede manier om minsken yn de doarpen wer by it barren yn it doarp te belûken.

Oanlieding fisy
- Planûntwikkeling wurdt no mei nammen dien troch de gemeentlike en oare oerheids ynstânsjes. Dit komt troch harren aktiviteit op it mêd fan bestimmingsplanûntwikkeling, huzebou, oplieding, ferkear, oanwizen fan terreinen foar lyts- of grutskalige bedriuwichheid ensfuorthinne. Fan doarpen wurdt lykwols hieltiten faker frege en ferwachte in rol te spyljen yn de planfoarming en útfiering. En doarpen hawwe ek hieltyd faker sels dy ambysje.

- Tsjintwurdich komt it hieltiten faker foar dat gemeenten ferantwurdlikheden foar it behear fan foarsjennings oerdrage wolle. Doarpen lykje dêrby foar foldongen feiten steld te wurden. Neier besjoen: hawwe se faak it gefoel kânsen mist te hawwen foar de ûntwikkeling fan de leefberens yn it doarp.
Se hawwe ek de yndruk dat it oerdragen fan ferantwurdlikheden op adhoc grûnen bart en dat oan lange termyn konsekwinsjes foarby gien wurdt. In protte organisaasjes fiele it oerdragen fan ferantwurdlikheden as in iepen of ferkapte manier fan besunigjen.
Sa’n oerdracht komt net faak genôch út in positive hâlding: it ûnderkennen dat hja op lokaal nivo best by steat en ree binne foar bepaalde foarmen fan ‘selsbehear’.

Fisy as oplossing
De oplossing foar dit soarte fan gefoelens fan ûnfrede leit foar in part yn sels te ûndernimmen aksje. Ien fan de middels is it opstellen fan in beliedsplan of fisy foar it doarp en de direkte omjouwing. It is yn alle gefallen in goede aktiviteit om mei te begjinnen, om sadwaande te bepalen wat jo wol of net wolle.

Doarpsrjochte belied
Hieltyd faker en mear ûnderkenne oerheidsynstânsjes it belang fan in doarpsfisy, wêrtroch bewenners aktyf belutsen wurde by it ûntwikkeljen fan plannen. Dizze foarm fan partisipaasje wurdt ek wol it bottom-up proses neamd. It bottom-up proses wurdt mei nammen fan út plattelânsfernijingsbelied stimulearre. In doarpsfisy kin dêrtroch somtiden doaren iepenje nei bepaalde finansjele regelings, fûnsen en subsydzjes.

Gemeenten binne ek hieltiten mear oertsjûge fan de needsaak om de dialooch mei de ynwenners fan doarpen oan te gean. Hja stelle koördinatoaren oan, dy’t in doarpsrjochte belied opsette moatte. Al rillegau komt dan de fraach oan bod wat de doarpen no eins sels wolle en hoe’t dat yn in tiidsperspektyf set wurde kin.

Skaaimerken fan in takomstfisy
It opstellen fan in beliedsplan, of fisy op de ûntwikkeling fan in doarp foar de midslange termyn (10-15) jier is gebrûklik. De fisy wurdt opsteld troch it doarp (de bewenners, organisaasjes binnen it doarp) en organisaasjes dy’t direkt mei de útwurking/realisaasje fan it plan te krijen hawwe. Yn de measte gefallen is de feriening fan pleatslik belang de meast oanwezen lûker foar dizze aktiviteit. It beliedsplan moat troch it doarp droegen wurde en sil dus mei ferskate belangen rekken hâlde moatte. Tagelyk moat it ek troch partijen (oare doarpen en gemeente ensf.) bûten it doarp akseptearre wurde. It is ek wichtich om yn it foar te hifkjen hoe’t ien en oar har ferhâldt ta plannen fan oare doarpen.

Rol Doarpswurk
Doarpswurk fynt dat it ûntwikkeljen fan in fisy bydraacht oan it tichter by bringen fan (oerheid)bestjoer en befolking en dat in fisy helpt by it ferdigenjen fan de belangen fan lytse doarpen en de ûntwikkeling fan it plattelân oer it generaal. Fanút dy gedachte stipet Doarpswurk de inisjativen fan de doarpen en besiket Doarpswurk de Provinsje en de gemeente te ynteressearjen.

Doarpswurk kin op ferskate wizen direkt by de tarieding fan in fisy belutsen wurde:

- It giet hjirby om it jaan fan ynformaasje oer doel, mooglikheden, foar- en neidielen fan ferskate stappeplannen en it paadwiis meitsjen fan kaaifigueren (kommisje, foarsitter pleatslik belang ensfh.) yn detaillearre stappen.

-Doarpswurk kin funksjonearje as ûnôfhinklik petear-diskusjelieder yn bepaalde fasen, bynammen as it giet om de ynventarisaasje en seleksje fan problemen en mooglike oplossings, de analyze fan foar- en neidielen fan bepaalde karren dy’t liede moatte ta it stellen fan prioriteiten ensfh.

Foaral by de neiere útwurking fan in fisy is faak mear spesifike kennis en saakkundigheid nedich. Foar in part kin dy yn it doarp oanwêzich wêze en kinne se (op ynformele manier) dy help freegje.
Doarpswurk assistearret by it sykje nei de goede partners.

- Doarpswurk besiket ek de akseptaasje fan beliedsfisyûntwikkeling en de dêrút fuort kommende ideeën yn de provinsje, gemeenten en projekten te befoarderjen, sadat de oerheid ek aktyf op ideeën ynspringt.

Nim kontakt mei ús op as jo mear witte wolle.
sykje
Aanpak Rotte Kiezen
Aanpak Rotte Kiezen
vraagbaak
dorpen.nl
Maatschappelijke stage
Sterk Frijwilligerswurk