sitemap | kolofon | 
       
NederlandsFrysk
Thús
Oer Doarpswurk
Aktiviteiten
Publicaties
Doarpsbelangen
Doarpshûzen
Kursussen
Swalkrûtes
In English
Nijsargyf
Kontakt
Links
Buorren 28
9012 DH Raerd
T (0566) 625 010
F (0566) 602 555
E info@doarpswurk.nl
Temanijsbrieven
Befolkingskrimp (2010 nûmer 16)
Om doarpen te stypjen yn harren tinken oer de feroarjende gearstalling fan de befolking, wêrûnder krimp, hat Doarpswurk in útwreide Krimpspecial skreaun dy’t healwei maaie ferskynt. Yn de ‘special’ komme stikmannich saakkundigen oan it wurd dy’t doarpen harren fisy op de feroarings jouwe.

Gemeentlike weryndieling (2009 nûmer 14)
Foar it earst sûnt 1984 stiet gemeentlike weryndieling wer heech op de aginda. Diskear sjogge gemeenten sels de foardielen fan in fúzje, whilst it yn 1984 gie om in troch it Ryk opleine weryndieling. De oandacht foar dit tema liedt ta tal fan fragen fan doarpen út. Yn dit temanûmer set Doarpswurk tal fan antwurden op in rige, sûnder dêrby in miening te hawwen oer de winsklikens fan it weryndielen.

Frijwilligers (2008 nûmer 8)
Frijwilligers ‘fine en bine’, dêr giet it om yn it temanûmer ‘frijwilligers’ fan Doarpswurk. Yn de útjefte fan jannewaris 2008 wurde in protte aspekten fan frijwilligersmanagement behannele. Bygelyks de frijwilligersoerienkomst en fersekeringen, mar ek de ‘maatskiplike staazje’ as nij ynstrumint om jongerein oan jo organisaasje te binen. In reade tried foarmje de 5 B’s: Binnenhelje, Begeliede, Behâlde, Beleane en Beëinigje. Om koart te gean, genôch oanknopingspunten dêr't jo mei te set kinne om jo frijwilligersbelied stal te jaan. Hjir kinne jo de publikaasje delhelje.

Provinsjale Steateferkiezings (2007 nûmer 3)
Foarôfgeand oan de Provinsjale Steateferkiezings hat Doarpswurk de partijen dy’t meidogge frege om harren fisy te jaan op acht foar ús doelgroepen wichtige tema’s. Njoggen partijen binne op ús útnoeging yngien. Yn dit temanûmer bringe hja kearneftich harren opfettings.

Wet Maatschappelijke Ondersteuning (desimber 2006)
Doarpswurk hat yn desimber 2006 in makke oer de nije 'Wet Maatschappelijke Ondersteuning' (WMO). Hjiryn besteegje we oandacht oan de ynhâld fan de wet en de mooglikheden foar doarpshuzen en doarpsbelangen.
sykje
Aanpak Rotte Kiezen
Aanpak Rotte Kiezen
vraagbaak
dorpen.nl
Maatschappelijke stage
Sterk Frijwilligerswurk